Springe nei ynhâld

Dream

Ut Wikipedy
De dream fan Dickens (Dickens' Dream) ûnfoltôge skilderij fan Robert William Buss (1804-1875)

In dream is de samling fan bylden, lûden, gedachten en gefoelens dy't immen ûnderfynt, as hy of sy sliept. Dreamen komme benammen foar yn de remsliep. Wat in dream is en wêr't it krekt goed foar is, is net bekend, al binne der wol fermoedens. Sa hat bliken dien dat der faak dreamd wurdt oer dingen dy't men oerdei meimakke hat. Dat wurdt de deirêst neamd. Dreamen soenen helpe de barrens te ferwurkjen.

Yn it ferline waarden dreamen sjoen as boadskippen fan de goaden en waard in foarsizzende funksje oan de dreamen taskreaun. Om de ferskate dreamsymboalen te analysearjen, wienen der dreamtsjutters en dreamboeken. Yn de Bibel binne dêrfan ferskillende foarbylden te finen.

Yn in luside dream wit de dreamer dat er dreamt.

Dreamen as foarm fan ferkringing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Dream fan Henri Rousseau, 1910

Yn it boek die Traumdeutung (earste printinge 1900, fannijs besjoene achtste printinge desimber 1929) beluts Sigmund Freud de dream by syn fyzje op de psychoanalyze. It wurk giet dus út fan wat Freud it ûnbewuste neamde.

Freud sei sels oer dit boek: 'De Dreamtsjutting is yn werklikheid de keninklike wei nei it ûnbewuste, de feilichste basis foar psychoanalyze.' (Dútsk: Die Traumdeutung ist in Wirklichkeit die Via regia zum Unbewussten, die sicherste Grundlage der Psychoanalyse).

Yn de sliep is de bewustwêzensgraad sterk fermindere. De wjerstân is net hielendal opheft, mar syn krêft is ferswakke. De ferkrongen psychyske ynhâlden krije yn de dream in ûnwerkenbere fermomming wêrtroch't se de sensors útskeakelje kinne. Dreamen binne dus substitútbefredigingen fan ferkrongen kompleksen. Dreamen hawwe dus in geheime kant, de latinte dreamynhâld dy't ferklearre wurde moat, dreamtsjuting.

Dreamen as synteze fan harsensaktivaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dream of Crime and Punishment fan Jean Ignace Isidore Gérard Grandville, 1847
A Dream of a Girl Before a Sunrise, Karl Briullov, ± 1830-1833
Dreaming dreams no mortal ever dared to dream before, Paul Gustave Doré

In hiel oare en resinte teory fan de dream is basearre op de fysiology fan de harsens, en komt fan Hobson en McCarley. Dizze teory is bekend woarn as de 'aktivaasjeteory'. Koartsein komt dizze teory der op del dat yn de dreamsliep flugge eachbewegingen optrede. Dit wurdt ek wol remsliep (Rapid Eye Movement) neamd. Yn de remsliep wurde yn de harsens gebieten aktivearre dy't yn de waaktastân allinnich aktyf binne as se fisuele yndrukken út de omjouwing ûntfange. Yn de sliep ûntbrekt dizze ynput, en besiket it rasjonele brein de gaoatyske (benammen fisuele) belevingen yn de harsens ta in wat gearhingjend ferhaal te smeien.

Dizze teory kin ek ferklearje wêrom't de dreamynhâld faak frjemd of bizar is. Neffens de psychoanalytyske dreamteory fan Freud komt dit omdat in sensor de dreamynhâld ferdraait. Dizze befettet nammentlik ûnderdrukte wisnken dy't bedriigjend binne foar it bewustwêzen. De sensor wurket dus als in soarte ferfoarmer: in masine dy't de dreamynhâld yn in symboalyske koade ferpakt.

Aktivaasjesyntezeteory giet út fan in ienfâldiger prinsipe. De dreamynhâld is yndie gaoatysk en singelier. Mar soks komt trochdat de fysiologyske aktivaasjes yn de fisuele skors, troch it ûntbrekken fan eksterne prikels, strukuer yn tiid en romte misse. It 'rasjonele' brein besiket no dizze rûge ynformaasjestream te yntegrearjen. Neffens dizze fyzje wurket de dreamsliep dus earder as synthesizer: in masine dy't rûge yndrukken en ûnderfinings gearfoeget.

Dreamen by ynsliepen en wekker wurden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soms kinne by it ynsliepen of wekker wurden libbene dreambylden optrede, dy't min fan de werklikheid te ûnderskieden binne. Dit wurde ek wol slommerhallusinaasjes neamd. Dizze tastannen kinne noch ûnderskieden wurde yn twa foarmen: by it ynsliepen (hypnagoge hallusinaasjes, of: Hypnagogy) of wekker wurden (hypnopompe hallusinaasjes, of Hypnopompy).

Dreamen yn ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Erlkönig, in bern sjocht de Elfekening en syn dochters (it giet dea)
Moritz von Schwind , 1917

De dream is in soad foarkommend ûnderdiel yn ferhalen. Faak hat de dream dêrby in foarsizzend karakter.

De Frânske striptekener Jacques Tardi tekene It wiere ferhaal fan de ûnbekende soldaat, in nachtmerjeeftich stripferhaal oer de lêste minuten fan in stjerrende soldaat yn de rinfuorgen. Dizze strip makke hy, op it ein nei, troch te ymprovisearjen om hjirmei it fan-de-koarstekoeke nei jenever rinnen fan de dream nei te dwaan.

It Suske en Wiskeferhaal 'De dreamenrôf' ûnderstelt dat it mooglik is om dreamen te "stellen". Dêrtroch rekke de minskheid tige yrritearre en fertribele, men moat úteinlik gebrûk meitsje fan hallusinogene poddestuollen út Kambodja om wer dreame te kinnen.

Yn de film Spellbound komt in surrealistyske sêne foar, dêr't Alfred Hitchcock de dekors troch Salvador Dali bouwe liet.

De Amerikaanske regisseur David Lynch hat meardere surrealistyske films makke dêr't dreamen in grutte rol yn spylje, lykas Mulholland Dr., Lost Highway en Inland Empire. Ek yn Twin Peaks hat FBI-agint Dale Cooper foarsizzende dreamen om in moard op te lossen.

Klaas Vaak lit bern sliepe en bringt dreamen.

Yn de film Inception fan regisseur Christopher Nolan kin sels yn dreamen ynbrutsen wurde. En wylst dizze spesjalisearre minsken dit dogge, kinne se sels bewust in gedachte yn of ít immens holle plantsje.

sjoch ek:

  • Hobson, J.A. - The dreaming Brain New York. Basic Books, (1988).
  • McCarley, R.W. & Hoffman, E. - REM Sleep Dreams and the Activation-Synthesis Hypothesis. American Journal of Psychiatry, 1138:7, (1981).

Eigenskippen fan dreamen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn dreamen binne ôfstannen faak net reëel. Persoanen kinne fan de iene persoan yn de oare persoan feroarje. Faak is it ek mooglik om te fleanen. Boppedat binne eigenskippen fan romtes of plakken faak mikst mei oare romtes of plakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: